Veilige Veste is no fan Fier

09 maaie 2012 - 14:12

De Veilige Veste, it eardere haadburo fan de plysje fan Ljouwert, is woansdei offisjeel oerdroegen oan opfangorganisaasje Fier Fryslân. WoonFriesland bliuwt eigener en hat derfoar soarge dat it nije opfanghûs mei 90% minder enerzjy ta kin. Yn de Veilige Veste wurde slachtoffers fan geweld net langer op in geheim adres ûnderbrocht.

De Veilige Veste is in nij konsept yn de helpferliening. De froulju wenje boppe yn it gebou. De helpferlieners wurkje yn itselde gebou. Slachtoffers krije hjir ek terapy of behanneling.

Je komme de Veilige Veste net samar yn. Der is in slûs, kamerabewaking, paskes en fansels is de plysje de buorman. As de situaasje te gefaarlik wurdt, binne der noch ferskate geheime opfangadressen om de froulju op te heinen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)