Veerman yn 'e basis by Hearrenfean, St. Juste en Larsson fit

02 okt 2015 - 16:21
  • Henk Veerman

Henk Veerman stiet freedtejûn yn 'e basis by SC Hearrenfean. De oanfaller út Volendam spilet yn stee fan Mitchell te Vrede. Veerman sil de spitsposysje ynnimme yn it útduel mei Heracles Almelo. De twifelgefallen Jerry St. Juste en Sam Larsson binne fit en kinne freed ek meidwaan.

SC Hearrenfean stiet op in tolfde plak. Heracles is de nûmmer trije. De opstelling fan SC Hearrenfean freed: Mulder, Van Anholt, Otigba, Bijker, Marzo, Slagveer, Thern, Larsson, St. Juste, Veerman, Van den Berg.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)