Veenstra/Fritom ek yn Deventer

13 nov 2013 - 19:19
  • Veenstra/Fritom nominearre foar de ûndernimmerspriis 2014

Transportbedriuw Veenstra/Fritom út Heech iepenet in nije lokaasje yn Deventer. De lokaasje is in útwreiding op de besteande aktiviteiten fan Veenstra yn Heech en sil him benammen dwaande hâlde mei transporten foar Keninklike Auping. De lokaasje yn Deventer sil tsjinst dwaan as útwikselingspunt foar grûnstoffen en healfabrikaten, dy't op ôfrop levere wurde oan it produksjesintrum fan de bêdeprodusint.

De nije lokaasje moat fan ein novimber ôf operasjoneel wêze. By de start sille inkele meiwurkers út Heech tydlik ynsetten wurde yn Deventer.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)