Veenstra ynnovatyf ûndernimmer

11 okt 2013 - 21:29
  • Veenstra/Fritom nominearre foar de ûndernimmerspriis 2014

Transportbedriuw Veenstra/Fritom út Heech makket mei noch twa oare bedriuwen kâns op de ûndernimmerspriis 2014 fan Transport en Logistyk Nederlân. It bedriuw is nominearre yn de kategory fan grutte bedriuwen. Sintrale tema fan de seleksje is ûndernimmerskip. Alle trije kânshawwers binne der yn slagge om yn de minne ekonomyske tiden kreatyf en ynnovatyf te ûndernimmen. De winner wurdt op 23 novimber bekend makke op it jierkongres fan Transport en Logistyk yn Hilversum.

Veenstra/Fritom hat mear as 200 meiwurkers.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)