Veenstra rydt dochs nei Frankryk

25 nov 2002 - 00:00

Fiifentweintich frachtauto's fan transportbedriuw Veenstra yn Heech besykje moandei dochs op de bestimming te kommen yn Frankryk. It ferkear dêr stiet op de kop fanwege de blokkades troch Frânske frachtweinsjauffeurs. Dy protestearje sa tjin it mislearjen fan de leanûnderhannelings.

It binne benammen de lokale diken dy't ôfsluten wurde foar frachtauto's. Dy fan Veenstra ha moandeitemoarns noch net folle problemen hân.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)