Veenstra praat mei supporters

17 feb 2013 - 15:52
  • Veenstra en Hansma prate mei supporters

Direkteur Robert Veenstra en technysk direkteur Johan Hansma fan SC Hearrenfean hawwe sneintemiddei foar de wedstriid tsjin ADO Den Haach yn it supportersfak fan SC Hearrenfean west. Se hawwe dêr mei de Feanfans praat en fûstke. De wedstriid waard spile yn Den Haach.

De direksje leit al de hiele wike ûnder fjoer fan sponsors en supporters. De saak eskalearre neidat earefoarsitter Riemer van der Velde syn wurk foar de klup dellein hie. Neffens de direksje is Van der Velde út himsels opstapt.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)