Veenstra: in hurde bestjoerder

21 jun 2013 - 18:43
  • Robert Veenstra, direkteur sc Hearrenfean

Robert Veenstra waard op 26 maaie 2010 presintearre as nije foarsitter fan SC Hearrenfean. It gie doe min, sawol finansjeel as sportyf. De âld-bestjoersfoarsitter fan Stenden hie de drege taak om fan Hearrenfean in sûne klup te meitsjen en sette dêr fol op yn. De seleksje waard úttinne ek ferskate meiwurkers krigen dien.

Organisatoarysk en op minsklik flak wiene der in soad fragen. Veenstra regeart mei hurde hân yn de organisaasje en kin ek net goed oerwei mei âld-foarsitter Riemer van der Velde. Dy konflikten eskalearden hieltiid mear.

Us folsleine tekst oer trije jier Robert Veenstra.

Robert Veenstra wurdt op 26 maaie 2010 presintearre as nije foarsitter fan SC Hearrenfean. It giet dan striemin by de klup, sawol finansjeel as sportyf. De âld-bestjoersfoarsitter fan Stenden hegeskoalle krijt de drege taak om fan Hearrenfean wer in sûne klup te meitsjen. En dêr set hy fol op yn. De seleksje wurdt úttinne. Djoere spilers wurde mei ferlies fan de hân dien. Mar harren salaris drukt net mear op de begrutting. Oer 2011 wurdt der foar it earst sûnt jierren wer in lytse winst makke.

It al ûnder syn foargonger, Yme Kuiper, yn gong setten plan om de eigen jeugdoplieding foarrang te jaan wurdt trochset. En mei spilers as Assaidi, Narsingh, Dost en Gouweleeuw hat Hearrenfean wer sicht op moaie transferwinsten. Ek sportyf giet it better. Hearrenfean docht wer mei foar Europeesk fuotbal en sit ek noch yn de beker. Stabyl is it noch net. Mar de wei omheech is ynset.

Organisatoarysk en op minsklik flak binne der de nedige fragen. By syn oanstellen seit Veenstra dat er de kennis fan âld-foarsitter Riemer van der Velde absolút brûke sil. Mar beide hearen binne al in skoft net mear 'on speaking terms' en yntern jout Veenstra bot ôf op de yn syn eagen bemuoisuchtige Van der Velde. Van der Velde is yntusken adviseur fan Heracles Almelo, VVV, Go Ahead Eagles en FC Zwolle, mar net langer fan SC Hearrenfean. Oer Foppe de Haan ferkundiget Veenstra yn it programma Boppeslach Kafee dat hy yn petear is oer in funksje by de klup, mar De Haan is dan noch coach yn Súd-Afrika by Ajax Cape Town en wit fan neat. De Haan wurdt úteinlik wol binnen helle op foarspraak fan technysk direkteur Johan Hansma. Mar fan oerlis tusken Veenstra en De Haan is fan it begjin ôf gjin sprake.

Veenstra soarget der foar dat direksjelid Jan van Erve syn titel fan statutêr direkteur kwytrekket. Dat betsjut dat Veenstra no de iennichste is binnen de klup Hearrenfean mei it foech om besluten te nimmen. By in sponsortrip nei Barcelona giet Veenstra net mei de sponsors mei yn 'e bus op ekskurzje, mar pakt hy tegearre mei syn frou in taksy om oare dingen te dwaan. Dat komt him te stean op in soad krityk. 'Hy gedroech him net as gasthear, mar as de belangrykste gast', seit in sponsor.

De teammanager fan de fuotbalfroulju krijt mei in SMS-ke te hearren dat Hearrenfean gjin jild mear stekke wol yn de froulju. As de spylsters dêrnei sels sponsors regelje, fertelt Veenstra sûnder te ferblikken dat it eins syn bedoeling wie om sa de froulju te prikkeljen om sels mei sponsors te kommen.

As nei it desastreuze earste seizoen praat wurdt oer de takomst fan trainer Ron Jans, wol Johan Hansma it kontrakt net ferlinge. Robert Veenstra hâldt it ûntslach tsjin. Hy beslút om de assistint fan Jans, Raymond Libregts, fuort te stjoeren, yn 'e hoop dat Jans solidêr wêze sil oan syn freon troch sels op te stappen. Veenstra's plan mislearret. Jans bliuwt oan. Mar it kontakt is fersteurd.

Yn de organisaasje regeart Veenstra mei hurde hân. Sa hantearret hy it saneamde 'giele kaarten systeem'. In soarte fan warskôging. Twa kear giel betsjut ûntslach. Dat soarget derfoar dat it personiel benaud is foar Veenstra. Krityk wurdt net akseptearre. Veenstra komt hieltyd mear op in eilân te stean en hat net folle freonen binnen de klup.

Nei oardel jier kin fêststeld wurde dat Veenstra de klup stadichoan wer nei sûn farwetter stjoert. Tagelyk nimt de ûnfrede oer syn optreden binnen de organisaasje ta. Sa lang as it finansjeel en sportyf herstel trochset sit hy goed. Mar oars liket syn takomst ûnwis.

Yn 2013 eskalearje de konflikten, benammen nei de publikaasje fan in tige negative kollum oer âld-foarsitter Riemer van der Velde yn in tydskrift fan SC Hearrenfean. Sponsors nimme dat net. In petear tusken Veenstra en Van der Velde lost neat op. De ôfrûne wiken giet it hurd. Supporters hâlde sels in manifestaasje yn it Abe Lenstrastadion dêr't it opstappen fan foarsitter en ried fan kommissarissen easke wurdt. It opstappen fan Veenstra liket in kwestje fan tiid. Veenstra makket lang de yndruk dat er de útkomsten fan in ûnôfhinklik ûndersyk nei de situaasje by de klup ôfwachtsje sil, mar beslút op freed 21 juny dochs noch 'yn goed oerlis' op te stappen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)