Veenstra direkteur Hearrenfean

26 maaie 2010 - 12:57
  • Robert Veenstra (foto: Martin de Jong)

Robert Veenstra (45) wurdt de nije direksjefoarsitter fan Sportklup Hearrenfean. Veenstra is op dit stuit foarsitter fan it Kolleezje fan Bestjoer fan de Stenden Hegeskoalle yn Ljouwert.

Veenstra hat earder de CHN omfoarme ta de Stenden University. Dêr waard er sjoen as brêgebouwer. Dy taak sil er ek yn it bestjoer fan Hearrenfean krije. Hy moat dêr lieding jaan oan de besteande direksje. Dy bestiet út Yme Kuiper, Henk Hoekstra en Jan van Erve.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)