Veenhoop Festival nimt risiko

28 apr 2008 - 17:23

It popfestival op De Feanhoop wurdt dit jier mooglik toch wer op it âlde plak oan it wetter holden.

It bestjoer hat dêr in fergunning foar oanfrege en ek krigen fan de gemeente Smellingerlân. Dêrmei nimt de organisaasje in grut risiko, want der leit ek in oerienkomst tusken it bestjoer fan it festival en ûndernimmer De Groot om op dat plak gjin popfestival mear te hâlden. Neffes de gemeente kin it festival gewoan trochgean op De Feanhoop.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)