Veenema wint Vegelinboskrin

02 jan 2010 - 14:08

Op in besnijd mar ridlik goed begeanber parkoers is Jan Albert Veenema winner wurden fan de 10,4 kilometer lange Vegelinboskrin dy't diel útmakket fan it Hearrenfeanske rinsirkwy.

De Snitser hie lang selskip fan Tido Tinga út Boalsert, mar sloech nei acht kilometer ta. By de einstreek wie it ferskil alve sekonden. Hendrik Hoekstra fan De Jouwer waard tredde, op mear as twa minuten fan de winner.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)