Veenema wint Fjoertoertrail

05 apr 2014 - 16:17
  • It moaie waar soarge foar in slagge earste edysje fan de Fjoertoertrail
  • Fjoertoertrail It Amelân

Jan Albert Veenema fan Snits hat hjoed de earste edysje fan de Fjoertoertrail op It Amelân op syn namme skreaun. Nei 35 kilometer oer it strân, troch de bosk en dunen wie Veenema de rapste foar Jaap Vink fan Bitgum en Michiel Blauw út Voorschoten.

By de froulju gong de winst nei Ines van Rinsum út Arnhem. Maaike Hornstra fan Jellum wie de rapste Friezinne. De organisaasje sjocht werom op in tige slagge earste edysje. Takom jier moat it evenemint útwreide wurde ta in hiel wykein.

Mei-inoar diene der goed 300 dielnimmers út ferskate lannen mei oan de Fjoertoertrail. Sa wienen der ûnder oare dielnimmers út Dútslân, België en Switserlân.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)