Veenema wint 10 km Nijjiersrin

11 jan 2004 - 00:00

228 wedstrydrinners diene sneon mei oan de 24e Nijjiersrin yn De Wylp. Under har wiene 83 bern ûnder de 13 jier. De rinners koene kieze út 3.3, 5, 10 en 21.1 kilometer. Op de 21.1 kilometer wie de oerwinning foar Remco Oost fan Grins.

Jan Albert Veenema fan Boalsert wie mei 35,05 it rapst op de 10 kilometer. De striid gong tusken him, Ruurd Kuipers fan Grins en de winner fan ferline jier, Harm de Roo fan Ljouwert.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)