Veenema Olie ynvestearret

24 nov 2010 - 22:39

Veenema Olie út Snits ynvestearret in kapitaal yn in nij kantoar yn Snits en twa benzinestasjons. Dy komme oan de sneldiken by Snits en Apeldoarn.

By it famyljebedriuw wurkje op dit stuit 60 meiwurkers, mar dat tal sil tanimme. Doel is om yn dizze tiden fan krisis kânsen te pakken om ree te wêzen foar de goeie tiden dy't der oan komme. It bedriuw eksploitearret no seis grutte tankstasjons en in pear ûnbeminske tankstasjons.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)