VDL mei bussen letter leverje

10 des 2012 - 12:35

Ferfiersbedriuw Arriva hat de levering fan 140 nije bussen troch VDL op It Hearrenfean oer in langere perioade útsmard. Op dy wize koe foarkaam wurde dat de 170 wurknimmers dizze wike sûnder wurk komme soene.

Arriva hat earder dit jier de oanbesteging fan de provinsje wûn. Fan 9 desimber ôf mei it bedriuw it iepenbier-busferfier yn Noard- en Súdwest-Fryslân fersoargje. De betingst is dat der fan 9 desimber mei nije bussen riden wurdt. VDL soe, nei't de oarder klear is, gjin opdrachten mear hawwe en hat om in regeling frege.

Arriva gie akkoart mei in ferlinging. VDL hat ferline wike sechstich bussen ôflevere. De oare tachtich folgje foar 1 april. It ferfiersbedriuw hat tachtich brûkte streekbussen opknapt om genôch kapasiteit te hawwen. Arriva hat ek noch sechtich nije bussen by in oar besteld. Mei-inoar moat Arriva twahûndert nije bussen ride litte.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)