V&D yn Ljouwert is tiisdei foar de lêste kear iepen

12 apr 2016 - 11:00

It wie tiisdeitemoarn drok op de lêste dei fan de fallisemintsferkeap fan V&D yn Ljouwert. By de lêste trije kassa's stiene fan 'e moarn sels rigen fan minsken dy't mei 90 % koarting boeken, dvd's, klean, skuon of oare saken út de lêste restpartijen kochten. Nei tiisdei is it definityf dien mei de V&D yn Ljouwert en binne de lêste tsien meiwurkers fan it grutwinkelbedriuw harren baan kwyt. It wie foar harren - mar ek foar guon klanten - dêrom in mankelike dei.

Ferromme

Bedriuwslieder Auke-Henk Doornbosch is ferromme dat de drege tiid fan ticht wêzen en fallisemintsferkeap der op sit. Hy giet no oan de slach as bedriuwslieder by Intratuin yn Winschoten.

Moadekonsern Zara

It gebou dêr't de V&D ynsiet wurdt de kommende tiid ferboud. Yn it gebou komt ûnder oare in winkel fan it moadekonsern Zara. Dy giet sa't it no liket de kommende hjerst iepen. Watfoar saken der fierder yn it gebou komme is noch net bekend.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)