V.d. Werf stapt op by H'fean

07 nov 2013 - 09:27

Robert van der Werf stapt út ûnfrede op by Sportklup Hearrenfean. Van der Werf wie de ôfrûne moannen ynterim-sjef fan de kommersjele ôfdieling. Neffens Van der Werf is hy benadere foar de funksje fan algemien direkteur.

Van der Werf is net bliid mei de gong fan saken en fynt dat âld-foarsitter Riemer van der Velde tefolle ynfloed hat. Neffens him lit Jos Vaessen him yn de syktocht nei in nije direksje tefolle liede troch Van der Velde.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)