V.d. Weide wint FK sportfiskjen

21 maaie 2006 - 12:43

It Frysk kampioenskip foar sportfiskers is sneon wûn troch de 48-jierrige Jan van der Weide fan De Tynje. Hy helle goed 19 kilo fisk út de Helomafeart by Munnekebuorren. Mei inoar wiene der 118 dielnimmers.

De gemiddelde fangst wie sawat oardel kilo. Is is foar it earst dat Van der Weide it Frysk kampioenskip op syn namme skriuwt. Hy mei yn septimber meidwaan oan de nasjonale kampioenskippen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)