V/d Wal wint Ronde Skarsterlân

26 jan 2013 - 12:43

Foske Tamar van der Wal hat sneon by de froulju de Ronde fan Skarsterlân wûn. It iis wie goed, mar troch de wyn wie it in drege wedstriid oer 60 kilometer. Mei twa oare froulju gie Van der Wal oan de haal. Uteinlik wie se de rapste yn in sprintduel dat se maklik wûn fan Erna Last-Kijk in de Vegte. Ferline jier wûn Foske Tamar van der Wal út Gryptsjerk ek. De Ronde fan Skarsterlân is foar de tredde kear hâlden, alle kearen in dei nei it NK op natueriis.

De 85 manlju ride sneon ek de Ronde fan 100 kilometer, op it iis fan de Goaiïngarypster Puollen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)