V/d Vlag grutte held Cambuur

23 sep 2008 - 22:41
  • Peter van der Vlag

Keeper Peter van der Vlag hat der foar soarge dat SC Cambuur de tredde ronde helle hat fan it bekertoernoai. Nei 90 minuten wie it 3-3. Beekmans en Ter Heide brochten Cambuur twa kear op foarsprong. Zwolle kaam hieltiid werom en makke koart foar tiid troch Grizolli sels 3-2. Van der Heide makke yn blessueretiid dochs noch lyk.

De earste trije penaltys waarden dêrnei keard troch Van der Vlag. Cambuur skoarde wol trije kear en wûn de penaltys mei 3-0.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)