Vd Pal wint de kwart triatlon

28 jun 2014 - 16:23
  • (argyffoto)

It kampioenskip fan noard Nederlân op de kwart triatlon yn Stiens is wûn troch Stefan van der Pal út Ljouwert. Hy lei de ien kilometer swimmen, 40 kilometer fytsen en 10 kilometer draven ôf yn de tiid fan 1.58.07. By de froulju gie de winst nei Esther de Vries fan Haren yn in tiid fan 2.10.19. Bêste Friezinne wie Susanne van Gelder fan It Hearrenfean.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)