V.d. Meulen-en-dy winne keatsen

29 aug 2004 - 12:54

It partoer fan Johan van der Meulen, Henk Vlietstra en Chris Wassenaar wûn sneon de útnoegingspartij keatsen yn Damwâld. Johannes Dijkstra, Herman Sprik en Auke van der Graaf waarden twadde. De einstân wie 5-4 en 6-4. Yn de heale finale fersloegen Van der Meulen-en-dy it partoer Klaas Berkepas, Jacob Wassenaar en Willem Rienks.

It earsteklasse frije formaasje-keatsen yn Menaam gie sneon net troch. It fjild wie te wiet.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)