V.d. Mei hellet barraazje net

21 jun 2009 - 16:01
  • Nathalie van der Mei mei har hynder

Hynsterydster Nathalie van der Mei fan Makkingea is der net yn slagge om de barraazje te heljen by de grutte priis fan Rotterdam. Mei it hynder Heechhiem's Springtime krige sy acht strafpunten en dat wie tefolle om de barraazje te springen. It parkoers moast binne 84 sekonden rûn wurde.

Om dat te heljen naam Van der Mei te folle risiko's. De kombinaasje wie de lêste wiken yn topfoarm, mei ûnder oare de winst fan de grutte priis fan Kopenhagen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)