V&D Ljouwert tongersdei iepen foar ferkeap foarried

21 mrt 2016 - 17:42

V&D yn Ljouwert giet no tongersdei foar de alderlêste kear iepen foar de likwiditeitsferkeap. De oerbleaune foarried fan it warenhûs wurdt ferkocht. De winkel bliuwt iepen oant it lêste guod fuort is. Dat sil nei alle gedachten in pear wike duorje. Dêrnei geane de doarren definityf op slot.

Sûnt healwei febrewaris is de fêstiging van V&D oan de Ljouwerter Nijstêd ticht, neidat it fallisemint útsprutsen waard. Neffens bedriuwslieder Doornbosch jout it foar it personiel in dûbeld gefoel dat de winkel wer foar even iepengiet.

Dúdlik is dat moadeketen Zara yn in part fan it gebou komt. Oer de ynfolling fan de rest fan it gebou is noch neat bekend.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)