V/d Lelie en Kramer kampioen

27 sep 2008 - 20:34

Rudie van der Lelie en Mariska Kramer ha sneon de Joustermerkeloop wûn. Mei de oerwinning op de 10 kilometer waarden se beide ek Frysk kampioen. Van der Lelie rûn de 10 km yn 33 minuten en 19 sekonden. De nûmer twa, Martin Ketellapper, die der krapoan in minút langer oer.

By de froulju wie Mariska Kramer oppermachtich. Se ferbettere it parkoersrekord en brocht it op 35 minuten en 50 sekonden.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)