V&D krijt útstel fan betelling fan de rjochtbank

23 des 2015 - 06:23
  • V&D Ljouwert
  • V&D
  • V&D yn Ljouwert

Warehûs V&D krijt fan de rjochtbank yn Amsterdam útstel fan betelling. De direksje hie dat sels oanfrege. De surseânse jildt foar de hiele groep, dus de warehuzen en restaurantketen La Place. De 10.000 meiwurkers wurde woansdeitemoarn bypraat.

De keten, mei yn Fryslân in winkel yn Ljouwert, kaam begjin dit jier yn de problemen fanwege in skuld fan 42 miljoen euro. Der kaam in rêdingsplan, mar sa't it no liket hat dat net genôch holpen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)