Vd Holst en Nijland yn seleksje

10 nov 2004 - 17:23

De iishockeyers Ruud van der Holst en Marcel Nijland fan Vadeko Flyers út It Hearrenfean geane ein dizze wike mei nei in kwalifikaasjetoernoai foar de Olympyske Spelen. Bûnscoach Theo van Gerwen hat beide spilers opnaam yn de seleksje foar it Nederlânsk team.

Nederlân striidt fanôf dit wykein mei 20 oare lannen om trije plakken foar de Olympyske Spelen fan 2006 yn Turijn. De kâns dat de ploech sa fier komt is lyts om't de tsjinstanners tige sterk binne.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)