V/d Heide bringt Cambuur punt

09 okt 2009 - 23:39
  • Sandor van der Heide (foto: Martin de Jong)

Sportklup_Cambuur hat freedtejûn mei 2-2 lykspile tsjin BV Veendam. It punt waard yn de alderlêste sekonde feilichsteld. Ut in korner yn de 94e minút makke Sandor van der Heide de lykmakker.

Cambuur begûn sterk oan de wedstriid en kaam fia Jeffrey de Visscher op 0-1. Dêrnei lieten de Ljouwerters it sitte en kaam Veendam op 2-1 troch goals fan Michiel Hemmen en Anco Jansen. Uteinlik mocht Cambuur de hannen tichtknipe dat it noch 2-2 waard.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)