V&D en fakbûnen tiisdei wer om de tafel

16 feb 2015 - 20:07
  • V&D yn Ljouwert

V&D en de fakbûnen prate tiisdei fierder oer de oankundige leanmaatregel foar it personiel. Moandei tsjinne in koart pleit dat de fakbûnen oanspand hiene oer de omstriden leanmaatregel. It winkelbedriuw stelde yn dat koart pleit foar dat personiel yn de winst diele mei. Dêrmei kinne de gefolgen fan in leankoarting fan 5,8% beheind wurde.

De rjochter joech beide partijen 48 oeren de tiid om te besjen oft dat helpe kin om in oplossing te finen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)