V/d Duim ûnderút tsjin Sluiter

21 mrt 2009 - 18:33

Tennisser Antal_van_der_Duim fan Finkegea is der net yn slagge de finale te heljen fan it toernoai yn Albufeira (Portugal). Yn de heale finale wûn lângenoat Raemon Sluiter. De setstannen wiene 6-1 en 6-2.

Van der Duim is op dit stuit de nûmer 745 fan de wrâldranglist. Hy makke yn Portugal syn rentree nei lang blessuereleed. De tennisser makke ek bekend dat hy fan no ôf traind wurde sil troch toptrainer Nick Carr. Dy trainde earder û.o. Martin Verkerk.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)