Vd Duim ferliest yn 2e ronde

13 aug 2014 - 21:16
  • Antal van der Duim

Tennisser Antal van der Duim fan Finkegea is yn de twadde ronde fan it challengertoernoai yn Dútslân útskeakele yn it inkelspul. Van der Duim ferlear woansdei yn twa sets fan de Dútser Matthias Bachinger mei 7-5 en 6-3. Antal van der Duim wûn moandei noch fan syn dûbelspulpartner Boy Westerhof. Der ûntstie ophef oer dizze partij, omdat der mooglik sprake wêze soe fan it saneamde 'matchfixing'. Gokkers soene swier ynset hawwe op Van der Duim, wylst dy fier achter stie. Beide spilers ûntkenne dat se de saak besoademitere hawwe.

Van der Duim en Westerhof hiene wol sukses yn it dûbelspul. Se ha de heale finale berikt.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)