V&D is definityf fallyt ferklearre, 10.000 banen fuort

31 des 2015 - 15:39
  • V&D yn Ljouwert

De rjochtbank yn Amsterdam hat tongersdeiteiddei V&D fallyt ferklearre. Dat betsjut dat yn it hiele lân mear as 10.000 minsken har baan ferlieze. Yn Fryslân is de iennichste V&D dy yn Ljouwert. Dêr wurkje sa'n 200 minsken. De winkel yn Ljouwert is noch wol gewoan iepen.

Ferskillende media melde dat der achter de skermen wurke wurdt oan in trochstart fan de warehúsketen. Yn sa'n gefal soe de helte fan alle 62 V&D's yn ús lân sletten wurde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)