V.d. Bos wint yn Minnertsgea

17 jul 2013 - 21:42

Gert-Anne van der Bos, Taeke Triemstra en Daniël Iseger hawwe woansdei de frije formaasjeparij yn Minnertsgea wûn. Yn de finale wie dit trio mei 5-1 en 6-4 folle sterker as Jan Dirk de Groot, Marten Feenstra en Pier Piersma, dy't bynammen oan de opslach fierstente folle flaters makken.Van der Bos en syn maten hienen yn de heale finale de hannen fol oan Jelte Pieter Dijkstra, Herman Sprik en Sjoerd de Jong. Sy kamen mei 5-3 achter mar wisten op 5-5 en 6-2 krekt noch de winst te pakken.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)