V.d. Bos kening yn Ternaard

20 jun 2009 - 18:11

Gert-Anne van der Bos is kening wurden fan de útnoegingspartij foar manlju yn Ternaard. Mei Herman Sprik en Taeke Triemstra stie er yn Ternaard yn de krânsen. Yn in kwalitatyf matige finale wienen sy mei 5-1 en 6-6 folle sterker as Hendrik Tolsma, Hylke Bruinsma en Peter de Boer.

Martijn Olijnsma wie de pechfûgel fan de dei. Hy ferlear yn de earste omloop, lotte dêrnei by, mar moast yn de twadde omloop de striid stake fanwege in blessuere.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)