V/d Berg falt net yn foar Harmes

28 apr 2004 - 00:00

Berber van den Berg docht definityf net mei oan de Olympyske Spullen. De turnster fan It Hearrenfean hie noch in lyts kâns op Athene. Dan soe se as ynfalster foar de blessearre Suzanne Harmes oan it Europeeske Kampioenskip meidwaan meie. Mar dat sit der net yn.

Harmes turnt dochs it EK dat jildt as kwalifikaasjetoernoai foar de Olympyske Spullen. Fan de turnskoalle op It Hearrenfean dogge Loes Linders en Nathalie Bletterman wol mei oan it EK.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)