VC Snits yn swier waar

07 mrt 2006 - 16:35

Folleybalferiening Snits moat foar kommende freed in bedrach fan 37.500 Euro binnenhelje, oars komt it spyljen yn 'e eare-divysje op 'e tocht te stean. Moandei is der by in byienkomst 12.500 Euro tasein troch ferskate sponsors. Om it earste frouljusteam op it heechste nivo te hâlden, moat der elts seizoen 50.000 Euro op it kleed komme. At Snits dêr freed net yn slagget moat de ploech frijwillich degradearje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)