VC Snits yn de problemen

13 jun 2008 - 12:11

De manlju fan volleybalklub Snits reitsje hast de hiele seleksje èn de trainer kwyt. It wie al bekend dat fiif spilers de klub ferlitte, mar no geane der nòch twa fuort. Michiel van Dorsten giet nei it twadde fan Dynamo en Stefan Gammauf spilet takom seizoen by Lycurgus.

Trainer Hans Bruins ferlit Snits om nei it twadde fan Dynamo te gean. Snits bliuwt wol gewoan yn de B-leaugue. De Snitsers binne no wol op syk nei nije spilers.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)