VC Snits wint yn fiif sets

11 des 2010 - 22:33
  • De froulju fan Snits yn aksje tsjin Capelle (foto: Klaas Hijlkema)

Mei in 3-2 oerwinning op Capelle hawwe de follybalsters fan VC Snits harren twadde oerwinning fan it seizoen helle. De earste set waard mei goed follybal mei 25-19 wûn, mar de twa sets dêrnei giene beide nei Capelle (19-25 en 17-27).

Wat folge wie in spektakulêre fjirde set mei 8 matchpoints foar Capelle en 6 setpoints foar Snits. De set einige yn 37-35 foar de thúsploech. Troch de fiifde set mei 15-8 te winnen waard de twadde seizoensoerwinning feilich steld.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)