VC Snits wint fan lânskampioen

27 okt 2013 - 12:28
  • De froulju fan VC Snits

De follybalsters fan VC Snits hawwe sneontejûn mei 3-2 wûn fan lânskampioen Sliedrecht. Yn de Snitser sporthal setten de froulju fan trainster Petra Groenland sterk útein. De earste set waard mei 25-21 wûn en ek de twadde set gie mei 25-20 nei Snits.

Yn de tredde set en fjirde set wie Sliedrecht sterker en de lânskampioen wist beide sets te winnen: 17-25 en 19-25. Yn de beslissende fyfde set pakte Snits it inisjatyf wer oer en pakten sy mei 15-11 de oerwinning.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)