VC Snits nimt de lieding

25 mrt 2012 - 22:32

De follybalfroulju fan Snits ha de earste wedstriid yn de finale om it Nederlânsk kampioenskip wûn. Yn de Snitser Sporthal waard mei 3-0 yn sets wûn fan Sliedrecht Sport.

De earste set gong frij ienfâldich nei Snits mei 25-19. De twadde set bleau Sliedrecht lang by, mar op 22-22 rûn Snits út nei 25-22. De lêste wie it spannendst. Snits krige trije wedstriidpunten, Sliedrecht krige ien setpunt, mar by it fjirde matchpunt pakte Snits de winst (29-27). Yn dizze best-of-five-searje spilet Snits woansdei út yn Sliedrecht de twadde wedstriid.

De Snitsers binne dwaande mei in geweldige stunt. Snits einige yn de kompetysje as fyfde en wûn yn de heale finale al fan de nûmer ien Apeldoorn. Sliedrecht einige yn de kompetysje as tredde.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)