VC Snits hielendal fit

30 mrt 2012 - 13:37

De follybalfroulju fan VC Snits ha foar dit wykein de beskikking oer in folslein fitte seleksje. Ek Michelle Bult kin gewoan meidwaan. Bult krige yn in eardere play-off wedstriid in bal op 'e holle en rûn dêrtroch in harsenskodding op. Neffens coach Petra Groenland is har team noch hieltyd net de favoryt, mar is it team der bewust fan dat se dit wykein kampioen fan Nederlân wurde kinne.

As Snits kommende sneon en snein wint fan Sliedrecht dan is Snits kampioen fan Nederlân.

As de follybalfroulju fan VC Snits sneon de tredde partij yn de finale om it Nederlansk kampioenskip tsjin Sliedrecht winne is de fjirde wedstryd sneintemiddei fan 17.00 oere ôf live te sjen by Omrop Fryslan fia www.omroplive.nl.

Beide wedstriden op sneon en snein binne ek rjochtstreeks op de radio te hearren.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)