VC Snits ferrassend ûnderút yn lêste oefenwedstriid

04 okt 2015 - 12:41

De follybalfroulju fan Snits hawwe harren lêste oefenwedstriid foar it nije seizoen ferrassend ferlern. Yn Akkrum gong de lânskampioen mei 3-0 ûnderút tsjin it Grinzer Donitas. De setstannen wiene 28-26, 26-24 en 25-20. It wie foar de froulju fan trainster Petra Groenland de lêste tarieding op de start fan it nije seizoen. Kommende snein nimme de Snitser froulju it op tsjin Sliedrecht Sport.

VC Snits spilet dit jier ek yn de CEV Cup. Op 28 oktober is de earste wedstriid yn Gent. De Belgen komme op 11 novimber nei Snits ta.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)