VC Snits ferliest yn play-offs

27 mrt 2011 - 18:22
  • Foto: awfoto.nl

De Snitser follybalfroulju hawwe snein ek de twadde wedstriid yn de play-offs fan Sliedrecht ferlern. De ploech fan coach Petra Groenland ferlear yn de eigen sporthal mei 3-2. In mooglik Europeesk avontuer is dêrmei út sicht. Sneon ferlear VC Snits de earste wedstriid ek al mei 3-1.

De Snitsers spylje noch om plak sân en acht, mar dat jout nearne mear rjocht op. Op 10 april komt VC Snits noch wol út yn de lanlike bekerfinale tsjin Weert.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)