VC Snits ferliest fan Donitas

14 des 2003 - 00:00

De volleybalfroulju fan VC Snits ha sneon de wichtige 'seispuntewedstriid' ferlern fan Freia Donitas. It waard 2-3 yn de Snitser sporthal. Yn in minne wedstriid wie it nivo fan de Snitsers tige wikseljend.

De earste en de tredde set gongen nei it team fan Arjan Verseput (25-19 en 25-23). Yn de trije oare sets waard mei dúdlike sifers ferlern (15-25, 23-25 en 9-15). Snits stiet troch it ferlies op in 9e plak yn de earedivyzje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)