VC Snits-Eurosped | de striid om de follybal lânstitel

25 apr 2015 - 19:00

Sneontejûn wurdt de fjirde wedstriid spile om de lânstitel by it follybal tusken VC Snits en Eurosped út Almelo. De wedstriid is live te folgjen by Omrop Fryslân, sawol op radio, tv as ynternet. De stân tusken beide ploegen is no 2-1 yn it foardiel fan VC Snits. De ploech dy't as earste trije kear wûn hat wurdt kampioen.

Snits kin dus kampioen wurde yn eigen hûs. De wedstriid begjint om 19:30 oere. De útstjoerings op radio en televyzje begjinne om 19:15 oere. De presintaasje fan de wedstriid op tillefyzje is yn hannen fan Simone Scheffer en âld-spylster Caroline Yntema. Germ Stenekes en Geartsje de Vries binne de kommentatoaren. Foar radio docht Freark Wijma ferslach fan de wedstriid.

 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)