VC Ljouwert promovearret

11 apr 2006 - 17:07

It earste frouljusteam fan VC Ljouwert promovearret nei de earste divyzje. Dêrmei wurde de Ljouwerters ien fan 'e tsjinstanners fan Snits, dat krekt degradearre is út de earedivyzje.

De promoasje fan Ljouwert komt noch ûnferwachte. It tiim einige as tredde yn de twadde divyzje en soe eins noch promoasjewedtriden spylje moatte. Mar omdat ferskate tiims oanjûn ha dat se net promovearje wolle, is Ljouwert no dochs direkt promovearre.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)