Vattenfall no baas oer Nuon

01 jul 2009 - 17:14

Enerzjybedriuw Nuon is offisjeel yn hannen fan it Sweedske enerzjykonsern Vattenfall. De bedriuwen hawwe de oername woansdei offisjeel ôfhannele.

Vattenfall hat sûnt woansdei 49 persint fan de oandielen Nuon yn hannen, foar in bedrach fan mei-inoar 4,8 miljard euro. It Sweedske bedriuw krijt de kommende seis jier de rest fan de oandielen ek yn hannen. De provinsje Fryslân hie ek oandielen yn Nuon, dy binne oerdien oan Vattenfall foar in bedrach fan 1,2 miljard euro.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)