Van't Veen net iens mei krityk

24 feb 2006 - 14:37

Direkteur Cees van't Veen fan it Fries Museum fernuveret him bot oer de krityk fan de CDA-steatefraksje. It CDA sei woansdei yn de steategearkomste dat se der gjin betrouwen yn ha dat de direksje en it bestjoer fan it museum de mooglike ferhuzing nei it Saailân koördinearje kinne.

De partij fynt dat alle inisjativen fan de oanpak en eksploitaasje fan dat nije museum yn it provinsjehûs naam wurde. Van't Veen is it net iens mei dy krityk.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)