Vandenbussche wol nei Osasuna

17 okt 2006 - 16:11

De keeper van SC Hearrenfean, Brian Vandenbussche, docht tongersdei gewoan mei yn 'e UEFA-cup-wedstriid tsjin it Spaanske Osasuna. Vandenbussche twifele deroan omdat syn frou op alle dagen rint fan harren earste bern.

Nei oerlis mei de gynekolooch, tiisdeitemiddei, is besletten dat de Belgyske keeper woansdei dochs mei de seleksje ôfreizgje kin nei Iruñea/Pamplona yn Navarra.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)