Vandenbussche wer striidber

14 apr 2008 - 22:00
  • Brian Vandenbussche is bliid dat dy saak achter de rêch is.

Brian Vandenbussche stie moandeitejûn yn de goal by jong Hearrenfean. Syn ploech wûn mei 3-1 fan jong AZ. Earder op 'e dei hie de Belgyske keeper fan de Feansters de útspraak heard yn de strafsaak dy't al sûnt 2002 spilet.

Nei de kafeerúzje yn dat jier wie de útspraak hjoed: twa moanne ûnder betingst en yn totaal 4000 euro betelje. Brian Vandenbussche is bliid dat dy saak achter de rêch is. Hy wol sa gau mooglik werom yn it earste team.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)