Vandenbussche wer op de goal

30 jul 2009 - 17:20
  • Vandenbussche freed tsjin Roda (foto: Martin de Jong)

Keeper Brian Vandenbussche stiet freed yn de wedstryd tsjin Roda JC op de goal by Hearrenfean. Hy ferfangt Kenny Steppe dy't troch in hânblessuere minstens seis wike útskeakele is. Vandenbussche ferlear yn de tarieding it fertrouwen fan trainer Sollied. Hy trainde noch wol mei, mar siet net mear by de seleksje. Neffens Sollied is Vandenbussche op dit stuit de bêste keeper dy't hy beskikber hat.

SC Hearrenfean is drok dwaande om noch in goeie keeper oan te lûken.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)